Hallofryslan.nl Friesewebwinkel.nl Wurdboek.nl Fryslantweets.nl

Wurdboek / woordenboek

Spellingscontrole

  Vertaal
     NL-FRL    FRL-NL

Hallo Fryslân

Rss Feed

Alex Riemersma lektor Frysk en Meartaligens yn Underwiis

Dr. Alex Riemersma is beneamd ta lektor Frysk en Meartaligens yn Underwiis en Opfieding. Dit lektoraat is in gearwurking tusken de Fryske Akademy, NHL Hogeschool en Stenden hogeschool. It lektoraat krijt subsydzje fan de provinsje Fryslân. De provinsje wol it tema ‘meartaligens’  mei de tema’s ‘toerisme’ en ‘wettertechnology’ fuortsterkje as ynnovatyf ûndersyksmêd yn Fryslân.


 
Riemersma wol mei it lektoraat in ynnovaasjeprojekt opsette foar de oansluting fan trijetalich basisûnderwiis nei meartalich fuortset ûnderwiis. Dêrneist wol de lektor in masteroplieding Meartaligens opsette. Tanksij de gearwurking tusken NHL Hogeschool, Stenden en de Fryske Akademy is der in fanselssprekkende relaasje tusken de learare-opliedings (basisûnderwis en fuortset ûnderwiis) en ûnderwiisûndersyk. It ûndersyk rjochtet him op de ûntwikkeling fan de taalbehearsking fan learlingen.  It giet dêrby om de talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Dêrneist wurdt der ûndersyk dien nei de didaktyske aspekten fan it brûken fan Ingelsk en Frysk as fiertaal by oare fakken yn it fuortset ûnderwiis.
 
Europeeske útwreiding
De ynternasjonale ferbinings fan it lektoraat wurde útwreide mei help fan de kennnis en besteande kontakten fia ferskate projekten fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen fan de Fryske Akademy. It lektoraat wol de besteande netwurken útwreidzje mei in Europeesk Netwurk fan learareopliedings dy’t harren dwaande hâlde mei meartalich ûnderwiis.
 
Lektor Riemersma
De beneaming fan Alex Riemersma jildt foar in perioade fan fjouwer jier. Dêrneist bliuwt de lektor ferbûn oan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen oan de Fryske Akademy, dêr’t er sûnt 2007 ûndersiker is. Alex Riemersma (1953) is sûnt 1984 wurksum by de NHL Hogeschool as fakdidaktikus Frysk. Yn 1994 promovearre er tegearre mei Sikko de Jong op ûndersyk nei de behearsking fan it Frysk en it Nederlânsk oan it ein fan de basisskoalle. Promotor wie professor Guus Extra fan de Universiteit van Tilburg.
www.fryske-akademy.nl


« terug naar het overzicht
 
Reageer


Gelieve dit veld niet in te vullen
amomedia.nl © 2010