25-dielich Wurdboek fan de Fryske Taal online
Keninginne Beatrix fiert iepeningshanneling út
25-dielich Wurdboek fan de Fryske Taal online
Fan moarn ôf is it Wurdboek fan de Fryske taal / Woordenboek der Friese taal foar elkenien fergees online te rieplachtsjen. It WFT beskriuwt yn 25 dielen it Frysk fan 1800 oant likernôch 1975; it befettet likernôch 118.000 trefwurden en is basearre op in foech 1.200 boarnen.
De iepeningshannelig wurdt útfierd troch keninginne Beatrix. Hja naam yn 1984 ek it earste diel fan it wurdboek yn ûntfangst.
It Frysk is nêst it Nederlânsk de twadde offisjele taal yn Nederlân. Oars as by it papierene wurdboek is de digitale ferzje fan it WFT ek troch te sykjen mei help fan besibbe Nederlânske trefwurden. Dat makket de online-edysje fan dit grutte wittenskiplike wurdboek ek nijsgjirrich foar minsken dy=t gjin Frysk sprekke. It Fryske wurdboek makket diel út fan de Taalbank Nederlands fan it Instituut voor Nederlandse Lexicologie in Leiden (http://gtb.inl.nl). Jo koene dêr al fjouwer grutte wittenskiplike wurdboeken tagelyk trochsykje: foar it Aldnederlânsk, Iermiddelnederlânsk, Middelnederlânsk en Nijnederlânsk. It Frysk komt dêr no by. Ynlogge of registrearje is net mear nedich.
De prissentaasje fan it online WFT sil plakfine by de iepening fan it XIV Euralex International Congress:
http://www.euralex2010.eu.
« terug naar het overzicht



