Hallofryslan.nl Friesewebwinkel.nl Wurdboek.nl Fryslantweets.nl

Wurdboek / woordenboek

Spellingscontrole

  Vertaal
     NL-FRL    FRL-NL

Hallo Fryslân

Rss Feed

Kaartferkeap út ein set foar 30e Iepenloftspul Dronryp

That’s alright momma
Kaartferkeap út ein set foar 30e Iepenloftspul Dronryp.De premiêre fan That’s alright momma is op woansdei 16 juny wêrnei de tragi-komyske maffiaklucht noch seker sân kear op de planken brocht wurdt. De foarstellings fan That’s alright momma binne op: 

 

 

 

 

 
Woansdei 16 juny - premiêre  (reservejûn 17 juny)
Sneon 19 juny  (reservejûn 21 juny)
Freed 25 juny  (reservejûn 27 juny)
Sneon 26 juny  (reservejûn 28 juny)
Freed 2 july  (reservejûn 4 july)
Sneon 3 july  (reservejûn 5 july) 
Freed 18 juny 2010 is de Rypster jûn, spesjaal foar leden en donateurs fan v.v.v. Sjirk de Wal (reservejûn 20 juny). Op woansdei 23 juny is der in spesjale VIP-jûn foar subsidiïnten, sponsers en gasten fan Iepenloftspul Dronryp (reservejûn 24 juny).  
‘Ferkeapplakken’
Kaarten kostje €17,00 it stik, ynklusyf in kopke kofje/tee. Wa't yn ien kear tsien of mear kaarten bestelt, betellet mar €14,50 foar in kaart! In stiper betellet dit jier € 10,- de kaart (maks. 2 kaarten). It jierlikse stiperbedrach is € 12,50.
Kaarten bestelle kin:
-       mei de bestelkaart
-       fia de webside http://www.iepenloftspuldronryp.nl/
-       telefoanysk fan 10 juny ôf op wurkdagen fan 19.00-20.00 oere, 06 – 10 77 40 80
 
Nij is de ferkeap fan kaarten by bloembinderij Tjarda yn Dronryp en de Expert-winkels yn Frjentsjer en St.-Anne (yn de winkels kin gjin rekken hâlden wurde mei stiper- en groepskoarting. Yn de winkels graach mei kontant jild ôfrekkenje).
 
Fansels binne der ek op de foarstellingsjûn by it kassahokje kaarten te keap, mar mei it risiko dat de foarstelling al útferkocht is.
 
It stik
That’s alright momma is in tragi-komyske maffiaklucht oer in kriminele mem en har like kriminele soannen. Mar ek in Elvis-imitator sûnder talint, in maffiabazinne mei in houtene skonk en oare foute figueren út de famylje, komme del yn That’s alright momma! Gjin autoradio of skoudertaske is feilich wannear’t de trije bruorren harren yn de buert ophâlde. De âldste is de baas, de middelste is de gokker en de jongste komt oeral te let. Dochs giet alles der tige strukturearre oan ta ûnder de deskundige lieding fan mem. De relaasje tusken mem en de trije soannen feroaret yngreven wannear’t der ynienen in ‘ferlerne soan’ op it aljemint komt. That´s alright momma wurdt in snelle foarstelling mei stellen jild, stellen auto´s en... Elvis!
 
It stik is skreaun en wurdt regissearre troch Karin Idzenga. De Fryske oersetting is fersoarge troch Anne Tjerk Popkema, ek bekend fan de Fryske oersetting fan the Hobbit fan Tolkien.
 
Muzyk
In stik neamd nei in nûmer fan Elvis, kin net sûnder de muzyk fan the King of rock ‘n roll. Ferskate nûmers komme foarby yn de foarstelling en wurde songen en spile troch in live band. De rock ‘n roll band wurdt foarme troch Frans Michael Verhagen (sang), Ellen Kuipers (kontrabas), Arend Smits (gitaar) en Leo Faber (drums).
 

Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo skilje mei de foarsitter Bernardus Smits,
till. 0518 – 46 16 62 / 06 – 29 08 58 08.
 


« terug naar het overzicht
amomedia.nl © 2010