It earste iepenloftspul yn Bears start 28 april
It earste iepenloftspul giet fan start op unike lokaasje: Uniastate yn Bears, mei de stielen replika fan de state as machtich dekor.Nijsgjirrich wurden? Sjoch dan op ús webside: http://www.stoej.nl
Feste de nar fan Unia is in bewurking fan de Twelfth Night fan Shakespeare. Regisseur Pieter Stellingwerf hat it stik nei dizze lokaasje helle troch it spylje te litten yn de tiid fan de Skieringers en de Fetkeapers. De state is it hûs fan grytman Tierck Unia dy ‘t mei gjin minsk wat fan dwaan ha wol. Syn hûs wurdt dizze kear net belegere troch Fetkeapers, mar troch froulju dy’t stride om de iennige man dy’t oerbleaun is. Tierck wol lykwols neat fan froulju witte en docht der letterlik alles oan om it leafdesfjoer te dôvjen.
Wetter en fjoer, striid en leafde, fertriet en grappen…
Jo kinne it belibje yn it oars sa fredige Bears!
Nijsgjirrich wurden? Sjoch dan op ús webside: http://www.stoej.nl
Kom nei dit bysûndere spektakel yn Uniastate!
Feste de nar fan Unia is in bewurking fan de Twelfth Night fan Shakespeare.
Data:
Wo. 28 april première (reserve 29 april)
Fr. 30 april (reserve 2 maaie)
Sn. 1 maaie (reserve 3 maaie)
Wo. 5 maaie (reserve 6 maaie)
Fr. 7 maaie (reserve 8 maaie)
Oanfang 20.45 oere. Kaartferkeap: www.stoej.nl of til.nr. 06 40 03 94 42 (moandei oant freed fan 18.00-20.00 oere).
Yntree: €16,00.
De produksje is in ynisjatyf fan de stifting Stoej, in gearwurkingsferbân fan Toanielferiening Nij Libben en de stifting Uniastate. Oanlieding is it
12 ½ -jierrich bestean fan Uniastate.
« terug naar het overzicht



