Grutte Pier game foar Playstation 3
De Fryske folksheld Grutte Pier krijt in nij libben yn in game foar de Sony Playstation 3. Dat hat gamesûntwikkelder Triangle Studio’s út Ljouwert moandei bekend makke. Grutte Pier, echte namme Pier Gerlofs Donia, stried yn it begjin fan de 16e ieu as piraat mei in soad súkses tsjin de Hollanners en de Saksen en is noch altiten in Frysk frijheidssymboal.
De game sil dy striid wer nij libben ynblaze. “It is fansels in prachtich heldeferhaal dat je yn in game moai neispylje kine”, sa sei direkteur Remco de Rooy fan Triangle Studios.
Gjin geweld
”It wurdt gjin tige gewelddiedige game. We rjochtsje ús op de doelgroep fan tolve oant sechtjin jier. Dus ferwachtsje in soad strategy en moaie kampanjes dy’t fan de figuer Grutte Pier út spile wurde kinne”, sa ferfolget De Rooy. ”We mikke ek op de ynternasjonale merk, de game is dus perfoarst net allinnich op Fryslân of Nederlân rjochte.” De game moat yn it earste fearnsjier fan 2011 yn de winkel lizze.
Twadde Wrâldoarloch
Ek al hat Grutte Pier in soad Hollanners fermoarde yn syn libben, De Rooy ferwachtet net dat de game yn Nederlân net oanslaan sil. ”Yn spultsjes oer de Twadde Wrâldoarloch wurde ek in soad Dútsers deasketten en dy games binne ek populêr yn Dútslân.” De gameferzje fan Grutte Pier sil yn de game gewoan Frysk prate. Triangle Studio’s hat al in pear ynternasjonale releases op har namme stean en is nominearre foar de jonge ûndernimmerspriis fan 2009.
Bron: www.itnijs.nl
« terug naar het overzicht



