Hallofryslan.nl Friesewebwinkel.nl Wurdboek.nl Fryslantweets.nl

Wurdboek / woordenboek

Spellingscontrole

  Vertaal
     NL-FRL    FRL-NL

Hallo Fryslân

Rss Feed

Sterkste boer

Wa is de sterkste boer fan Fryslân?                                                                                                                                            Dat moat 30 augustus dúdlik wurde by in wedstriid tusken sterke boeren yn it Frysk lânboumuseum yn Earnewâld.

 



Lykas by oare wedstriden foar sterke mannen, stride de boeren op ferkate ûnderdielen om de earetitel fan de sterkste. Mar yn 't plak fan frachtweinen moatte sy trekkers fuortlûke. Ek molkbussen tille, striepakken fuortsmite en oare ûnderdielen dy't mei it boerelibben te meitsjen hawwe steane op it programma.

De wedstriid is net allinne foar sterke mannen, want der is ek in kompetysje foar froulju en bern. Der meie allinne echte boeren of har bern en partners meidwaan, want de dielnimmers moatte wol in ubn-nûmer (unyk bedriuwsnummer) hawwe. Opjaan kin fia ynfo@frieslandbouwmuseum.nl of www.frieslandbouwmuseum.nl.

Stekwurden: boer, lânboumuseum, Tytsjerksteradiel, Earnewâld.


« terug naar het overzicht
amomedia.nl © 2010